Vimmerby

Vimmerby: dêr wêr’t Pipi Langkous wennet.

... dêr wêr’t Pipi Langkous wennet yn Villa Kakelbont en Emill’s Katthult is ... en alle oare persoanen dy’t betocht binne troch berneboekkriuwster Astrid Lindgren.  Alles is hjir  op skaal neiboud sa dat je hjir as bern de grutte minskewrâld belibje. Astrid Lindgren’s wrâld is dan ek spesjaal makke foar bern. Soks wol lykwols net sizze dat folwoeksenen har dêr net in dei fernuverje kinne. 
Vimmerby : Astrid Lindgren’s Wrâld leit sa’n 18 kilometer fan de kemping. 
Neiere ynformaasje fine jo op www.alv.se

Astrid Lindgrens Näs

Besjoch it hûs wêr’t Astrid wenne hat en wêr’t se as bern yn de limonadebeam klommen is.

Neiere ynformaasje fine jo op : www.astridlindgrensnas.se

Katthult

Hjir is de film fan “Emil van de Hazelhoeve” opnaam. Wa’t noch nea earder fan Emil heard hat, is dit de kans om neier mei dizze lytse dogeneat yn de kunde te kommen. Emil fán Lönneberga; de Pietje Bel of Kruimeltje fan Sweden.

Neiere ynformaasje fine jo op: www.katthult.se

Bullerbynn

Yn ús lân better bekend as de hûskes noard, midden en súd. Trije famyljes dy’t njonken mekoar wenje en wêrfan de bern alderhande aventoeren belibje. Jo kinne hjir as bern en âlders deselde aventoeren belibje en de filmset besjen. http://www.astridsbullerbyn.se

Eldlanden park virum

Kom en sjoch de elanden en herten yn har natuerlik habitat. Klim oan boord het safarivoertuig en meitsje in rûnleiding yn de prachtige omjouwing. Jo moatte yn 't sin wêze om te folle te kommen by de bisten foar in ûnferjitlike erfaring. Yn de 'Älglogen' kinne jo en bakje kofje drinke en een souvenier keapje. Neiere ynformaasje fine jo op: http://www.virummoosepark.se/index-en.asp

Werom nei oersicht