Mariannelund

Mariannelund leit op fytsôfstân fan de kemping. It is in lyts doarp dêr’t dielen fan de âlde  bebouwing noch folslein yntakt binne. It doarp hat sa’n 1600 ynwenners en der binne ien supermerk (ICA), in sûnenssintrum, mei in apoteek, in bank dêr’t jo jild opnimme kinne, in benzinestasjon, in biblioteek mei toeriste-ynformaasje (mei tagong ta in kompjûter), in pizzeria, in restaurant en in kafetaria. Ek stiet der noch in snobbersguodfabryk, de Karamelkokeri yn it doarp. 

Filmbyn

Bij Filmbyn kinst en scènes ut de klassieke berne films oerlevere, foarnaambeeld Emil fan de Haselhove (Michael van de Haselhove), de Bullerby-bern en Pippi Langkous. Stap yn 'e wrâld fan' e film, yn 'e geast fan Astrid Lindgren. Jo sjogge klassieke filmfragmenten, originale rekwisieten en en do kinst maai sjonge mei de filmmuziek. En as jo yn filmbyn bûn binne, kinne jo ien fan 'e 12 filmlokaasjes in de omjouwing sjen, lykas Katthult en Bullerby sjen.

Minigolf

De minigolfbaan fine jo by it restaurant Sommartorpet, dit is op sa’n 20 meter ôfstân fan de kemping.

Kano's en roeiboatsjes

De kano’s en/of roeiboatsjes kinne jo hiere by de kemping, dit foar in prachtige tocht oer de marren. Jo kinne dan genietsje fan de rêst fan dizze moaie wetterkes, miskien krekt efkes in angeltsje útsmite of, wa wit, de wylde bisten op de wâl begluorkje. 

Kuierpaden yn it bosk

Op de kemping binne hiel aardige (kuier-)rûtes oanjûn dy’t sa’n 2.5, 5 of 10 kilometer lang binne. De paden rinne lâns de markes Skruven en Fagersjön. De paden binne markearre troch ferskate kleuren.

Kuiertochten

Jo kinne de kuiertochten Höglandsleden of Sevedeleden begjinne of einigje op ús kemping.

Sevedeleden

De mooglikheid bestiet om dizze tocht yn 3 etappes te rinnen fan de kemping ôf. Jo kinne foar it oernachtsjen in plak of in hutte hiere op de kemping en eltse dei in etappe rinne. Wy helje jo dêrnei op fan it einpunt fan de etappe en bringe jo de dei dêrop nei it begjinplak fan de folgjende etappe.

Dizze service is der allinnich fan 1 maaie ôf oant en mei 15 juny en fan 20 augustus ôf oant en mei 30 septimber (leechseizoen)

Wolle jo gebrûk meitsje fan ús helje- en bringtsjinsten, dan graach yn’t foar efkes kontakt mei ús opnimme. De kaart fan de kuiertocht is fergees te krijen op’e kamping.

Fiskje

Yn it mar Skruven is it mooglik om op salm en forel te fiskjen. Yn de neistlizzende marren fan de kamping kinne jo fiskje op alderhande swietwetterfisken. In fiskakte is te keap op de kamping, by it benzinestasjon en it toeristeburo yn it doarp.

Pelarne tsjerke

Dit houten tsjerkje fine jo yn it doarp Pelarne, sa’n 10 kilometer fan Mariannelund.

Snobbersguodfabryk

Snobbersguodfabryk Mariannelund (karamellkokeri)

Werom nei oersicht