Kuierje yn 'e natuer

Kuiertochten

Jo kinne de kuiertochten Höglandsleden of Sevedeleden begjinne of einigje op ús kemping. Klik hjir foar neiere ynformaasje oangeande dizze kuiertochten  En folle mear kuiertochten in de Sweedske natoer.

Sevedeleden.

De mooglikheid bestiet om dizze tocht yn 3 etappes te rinnen fan de kemping ôf. Jo kinne foar it oernachtsjen in plak of in hutte hiere op de kemping en eltse dei in etappe rinne. Wy helje jo dêrnei op fan it einpunt fan de etappe en bringe jo de dei dêrop nei it begjinplak fan de folgjende etappe.

Dizze service is der allinnich fan 1 maaie ôf oant en mei 15 juny en fan 20 augustus ôf oant en mei 30 septimber (leechseizoen)

Wolle jo gebrûk meitsje fan ús helje- en bringtsjinsten, dan graach yn’t foar efkes kontakt mei ús opnimme. De kaart fan de kuiertocht is fergees te krijen op’e kamping.

Skurugata / Skura hatt

Dit is in natuergebiet yn de gemeente Eksjö. It is ien fan de meast bysûndere natuerfenomenen fan Súd Sweden. It gebiet leit op 40 kilometer fan de kamping.  Hjir klikke foar neiere ynformaasje

Werom nei oersicht